Fy:FAQ

From OpenStreetMap Wiki
Jump to navigation Jump to search

an unequal sign

This article is a translated version of the original article, but the content appears to be out of sync with the reference text (usually the English or German version). Please update this translation if possible.Help translate this into Western Frisian!
De Kaart GPS-spoaren Help Bloch Winkel Stypje

Fragen En Antwurden

Oer het projekt

Wêrom meitsje jimme de Iepen Plattegrûn?

Geografyske Ynformaasje (geodata) is in grutte parten fan de wrâld, lykas Nederlân en oare parten fan Jeropa, net frij tagonklik. Yn it miene binne oerheidstsjinsten belêste mei it yn kaart bringjen fan it lân, en dy tsjinsten fertsjinje jild troch dy ynformaasje te ferkeapjen oan belangstellende, krekt as wienen it kommersjele bedriuwen. De Feriene Steaten binne de grutte útsûndering op de regel, om't der dêr auteursrjochtbeheinings binne foar it bewâld. Hja binne dêrtroch ferplichte de ynformaasje fergees tagonklik te meitsjen.

Wa libbet yn in oar lân as de Feriene Steaten betellet besting foar it yn kaart bringjen en betellet dan nochris om der sels tagong ta te krijen, foar in kaart as foar in kopy fan de gegevensbank fan geodata.

De gegevens dy't men dan krijt feroarje almeast net sa bot yn de rin fan de tiid. Diken geane ornaris net fan harren plak om in slach om de buorren, mar bliuwe krekt lizze dêr't hja binne. Dêrom foldocht yn de measte gebieten eltse nei-oarlogske of resintere kaart. (Dat is útsein dat der yn guon gebieten nije diken oanleind binne dy't krekt al in slach om de buorren meitsje.)

Yn de gegevens út boarnen sitte altiten lytse foutsjes:

  • Kaartmakkers nimme mei sin lytse foutsjes yn harren kaartenop, dy't hja brûke wolle as immen harren kaart oernaam hat. Dan kinne hja harren flaters oanwize yn de oare kaart, en dêrmei bewize dat it harren gegevens binne. Sokke ferhoalen "Peaske-aaien (Ingelsk) kinne begelyks net besteande of ûntbrekkende strjitten wêze, as tsjerken en skoallen dy't der net wier binne. Almeast sitte dizze Peaske-aaien earne dêr't it minder drok is, om it net sa opfalle te litten, en dêrtroch binne hja in grutte argewaasje foar dejinge dy't spesjaal de hiele ein nei de him net bekende tsjerke, of strjitte reiziget.
  • Gegevens fan in âlde kaart kinne ek lytse flaterkes hawwe om't der bygelyks sûnt dy tiid earne yn in park in nij paad makke is.
  • Fansels kin ek immen by fersin in flater makke hawwe mei de gegevens.

Sels yn dy gefallen dêr't it legaal is om in fotokopy te meitsjen fan de kaart, is der noch net in protte wat jo mei de gegevens dwaan kinne. Jo kinne net in strjitnamme ferbetterje, gjin kafee tafoegje en de gegevens net brûke yn in kompjûterprogram, útsein jo betelje dêrfoar in bulte jild. Mar faak mei it sels net om in kaartsje ta te foegjen oan in útnoeging oan in freon, of by in lytse advertinsje yn de supermerk.

De technyk hat no goedkeape GPS-ûntfangers mûglik makke en dêrmei kinne jo, mei oaren, jo eigen kaarten meitsje, sûnder al dy beheinings. Dêrtroch kinne jo wat weromwinne fan jo omkriten - mei't jo it op de kaart sette kinne, kinne jo it beskriuwe.

Wêrom brûke jimme net gewoan Xyz Maps (of soks) foar jim gegevens?

It koarte antwurd
Om't dy gegevens ûnder it auteursrjocht falle, en it eigendom binne fan bygelyks de Topografyske Tsjinst fan it Kadaster. Xyz (of oaren) brûke dy gegevens yn lisinsje. At wy dy brûke wolle, dan moatte wy ek betelje foar in lisinje.
It lange antwurd
Der is in ferskil tusken frij en fergees. Xyz Maps kinne fergees beskikber wêze, mar hja binne net frij beskikber.
At foar jo projekt de tagong ta Xyz Maps foldocht, dan is dat fansels moai. Mar foar oare projekten is dat net sa. Dêr't wy nei stribje is in frij-tagonklike gegevenssamling dy't programmeurs, kartografen, aktivisten en oaren brûke kinne om harren eigen doelen nei te stribjen, sûnder dat hja beheind wurde troch de spesifyke gegevenstagong fan Xyz, of troch harren tsinstbetingsten.
Dan soe men tinke kinne dat men yn de fergese tagong fan Xyz Maps lingte- en breedtegraad opsykje koe, en dy dan opnimme koe yn de Iepen Plattegrûn. Mar ûngelokkigernôch mei dat ek net. Mei gegevens dy't op dy wize gearbrocht wurde, wurdt in ôflaat wurk makke. Dêrfoar jilde hieltiid noch de auteursrjochten fan it orizjineel, dat wol sizze, de lisinsjebetingsten fan de tsjinsten dêr't Xyz Maps sels ek wer in lisinsje by hat foar harren kaarten. En dat wie no krekt wat wy mei de Iepen Plattegrûn besochten foar te kommen.
Xyz Maps hat grif oanjûn dat de tagong brûkt wurde kin yn iepen-boarne projekten. Mar ek dêrmei wurdt neat sein oer de gegevens dy't troch sokke projekten fia dy tagong brûkt wurde. It is gewoan sa dat Xyz Maps de rjochten op de gegevens net frijjaan kin, om't Xyz Maps dy sels allinnich yn lisinsje hat.
(It is noch net wis of gegevens ûntliend oan loftfoto's ûnder it auteursrjocht fan de foto falle. Mar oant it al wis is dat it net sa is, binne ek loftfoto's foar ús bedoarn. Wy geane troch mei ús regel fan eigen 100%-persint-ûnôfhinklike gegevens.)
Antwurden yn lêsfoer
  • Eltse Xyz Maps hat grif in webside mei de tsjintbetingsten, yn it Ingelsk Terms of Service. Sjoch dêrby fral nei it part oer kaartgegevens as kaartynformaasje (Nei alle gedachten gjin Frysk).
  • De postlist fan Iepen Plattegrûn hat yn it argyf in diskusje fan oktober 2005 mei de titel "London locations" dêr't dit tema yn behannele wurdt; yn itselde argyf kinne jo ek sykje op termen as derived wurk (Ingelsk).
  • Yn dit PDF-dokumint wurdt de Ingelske wetlike sitewaasje útlein (Ingelsk).

Hoe kin ik meidwaan?

Jo kinne op ferskate manearen meidwaan oan it OpenStreetMap-projekt. Hawwe jo in GPS-ûntfanger, dan kinne jo dy brûke om gegevens fêst te lizzen, dy't jo dan mei ús ark op it net tafoegje kinne (Ingelsk). Mar ek sûnder GPS-ûntfanger kinne jo op ferskate manearen meidwaan (Ingelsk).

Is der in postlist?

Ja! Sjoch de Kontaktside (Ingelsk).

Is der in foarum?

Ja, it foarum op forum.openstreetmap.org is in goe plak om help te freegjen.

Hat dizze wiki in oerlisside?

Nee, de minsken yn dit projekt binne (noch) net sa rjochte op wiki-oerlis. De oerlissside fan de wiki-haadside is op it stuit faaks it beste alternatyf (Ingelsk).

Hawwe jimme ek nijsjirrich guod te keap?

Ja! Sjoch mar ris op ús winkelside (Ingelsk).

Hoe kin dit projekt ea krekte kaarten opsmite?

Om't de Iepen Plattegrûn op in wiki-eftige wize opboud wurdt is der gjin garânsje dat de ynformaasje krekt is. Mar dy garânsje jouwe oare kaarten ornaris ek net. De Iepen Plattegrûn hat dan al it foardiel dat der gjin Peaske-aaien (Ingelsk) yn opnaam binne.

De essinsje fan it wiki-proses is dat alle meidoggers part haww oan it fêstlizzen fan krekte gegevens. At ien persoan net persys is, mei sin of by fersin, dan stiet dêr in grut tal fan minsken tsjinoer dy't dy gegevens neigean en ferbetterje as fuorthelje. As de grutte mearheid goede bedoelings hat, dan weaget dat rom op tsjin de pear omkoalen en dwerslizzers. Op it stuit hat it sêftguod fan Iepen Plattegrûn gjin systeem om in each op de wizigings te hâlden. Mar sadree't dêr ferlet fan komt, sil it grif ûntwikkele wurde.

Fansels: De stientsjes lizze krekt ûnder jo skuon. It Wikipedia-projekt hat bewiisd dat in protte ynformaasje fan hege kwaliteit gearbrocht wurde kin, mar dat it net foar te kommen is dat lju dochs flaters fine. It bêste is at jo jo eigen oardiel brûke: Kies in gebiet op de kaart út dêr't jo fertrouwd mei binne, en besjoch hoe goed, as hoe min, de kaart oerienkomt mei wat jo sels fan it gebiet witte. Dat jildt fansels allinnich foar parten mei in kaart; net alle gebieten haww op it stuit al folsleine ynformaasje.

Wêrom brûke jimme net de skema's en it sêftguod fan it Open Geospatial Consortium (OGC)?

Der is in protte ark dat brûkt wurde kin foar wat wy dogge, mar dat past net goed by de manear wêr't wy it op dogge. Wy hawwe de klam lizzen op de strjitten, en it wiki-proses dêr't de wizigings by byholden wurde en ek weromset wurde kinne. Ornaris kin oar sêftguod dêr net maklik oan oanpast wurde. Hoewol't MapServer fan OGC al in skoftke brûkt is, hie dat deselde problemen; dêrom is it doe ferfongen troch mapnik (Ingelsk).

Wy binne net op OGC-standerts tsjin; wy soenen wol help brûke kinne by it kiezen fan OGC-ak en -standerts, en it goed opnimme yn de systemen dy't wy al hawwe. Nim kontakt mei ús op at jo de tiid en de kennis hawwe om dêr by helpe te kinnen.

Sjoch ek op Wêrom gjin GPX (Ingelsk), foar inselde soarte fan diskusje oer wêrom't wy GPX niet brûke as transportfoarm.

Wêrom foegje jimme gjin OSM-stipe ta oan besteande produkten, of wêrom skriuwe jimme gjin eigen rûtekar- as navigaasje-sêftguod?

RoadMap ûnthjit goed sêftguod foar PDA- en kompjûter-navigaasje te wurden. It is iepen boarne en brûkt foar de Feriene Steaten de frije TIGER-gegevens (Ingelsk) en foar de rest fan de wrâld vmap0 (Ingelsk). RoadMap kin noch gjin automatyske navigaasje oan, mar al spraaksynteze, foar strjitnammen ensafuorthinne.

Roadnav is ek in goed alternatyf, allinnich hat dat, oars as RoadMap, noch gjin stipe foar PocketPC en brûkt it allinnich mar TIGER-gegevens. Maar hja binne fan doel stipe foar Digital Chart of the World (DCW) (Ingelsk) ta te foegje, en it hat no ek al auto-routing, 3D-werjefte en loftfoto's (machtich!). De nijste ferzje hat taberiedende OSM-stipe (begjin 2008).

Bewurkingsfragen en oare technyske fragen

Ik haw GPS-gegevens, hoe kin ik dy brûke om Iepen Plattegrûn te helpjen?

Der binne ferskate manearen wêrop jo jo GPS-gegevens tafoegje kinne oan de gegevensbank:

  • Bewurkje de gegevens op it net, troch gebrûk te meitsjen fan de web-tagong (Ingelsk), mei gebrûk fan in aplet yn jo blêder
  • Bewurkje alles thús mei Osmeditor (QT) (Ingelsk), dy't it mûglik makket de GPS-gegevens earst oer te setten nei begryplike dyken, ear't jo alles opstjoere nei de tsjinner.
    • JOSM is noch sa'n stik ark dêr't jo los fan it net mei wurkje kinne.
  • Hawwe jo gjin GPS-gegevens, en hielendal gjin GPS, dan betsjut dat fansels net dat jo net meidwaan kinne (Ingelsk).


Hokfoar ôfbylden en kaarten mei ik brûke foar it meitsjen fan kaarten?

Jo meije allinnich allinnich ôfbylden brûke dêr't gjin auteursrjocht foar jildt. Jo meitsje ommers in ôflaat wurk, dat oars soe foar dat ôflate wurk ek auteursrjocht jilde.

Gjin:

  • Papieren kaart mei auteursjocht.
  • Sels ynskende ferzje fan in papieren kaart mei auteursrjocht.
  • Fergese kaartwebstee, ek net om allinnich koördinaten te finen.

Al:

  • Ofbylden dêr't it auteursrjocht fan ferrûn is.
  • Ofbylden makke troch it bewâld fan de Feriene Steaten, útsein jo binne yn in lân dat it Amearikaanske rjocht fan "Public Domain" net tastiet.

Mear ynformaasje op kaarten sûnder auteursrjocht (Ingelsk).

Ik besykje myn wenplak/stêd/gebiet ôf te heljen; wêrom wol it net?

De kâns is grut dat it gebiet dat jo besykje ôf te heljen te grut is, wêrtroch it te lang duorret eart de tsjinner de gegevens ferstjoere kin. Besykje it earst mei in lyts stikje kaart, om wis te wêzen dat it wurket. At it goed giet, kinne jo in wat grutter stik besykje, mar net te grut: Op it stuit kinne stikken fan sa'n 0,3 graden yn alle rjochtings ôfhelle wurde (begjin 2008). Doch gruttere stikken yn parten.

Wolle jo perfoarst grutte stikken, dan kinne jo planet.osm (Ingelsk) ôfhelje. Dy triem wurdt alle wiken oanmakke. It is in stuitopnamme fan de OSM-gegevensbank, mei de gegevesn sa't dy op dat stuit gouwen.

Ik wol in tige lange dyk oanmeitsje, mar kin gjin OSM-gegevens foar dat gebiet ôfhelje, dat hoe no?

Om in lange dyk te meitsjen dy't maklik brûkt wurde kin, stelle jo dy gear út in tal koartere segminten. In rjochtline is om stiken dyk net langer te meitsjen as 10-15 km. De measte diken binne sa lang net iens, fansels.

Rûtekarders binne maklik by steat fan dy stikken wer ien dyk te meitsjen. De OSM-gegevens moatte dochs altiten noch neibewurke wurde om gaadlik te wêzen foar rûtekarders.

Foar sneldiken, bygelyks, is it logysk om stikken oan te meitsjen fan ôfrit ta ôfrit. In krúspunt is fansels ek in plak dêr0t in dyk splitst wurde kin.

Wêrom kin ik net oanmelde mei JOSM?

Der binne twa soarten fan tagong. Ien foar dizze wiki, en ien foar de webside en de kaarttagong. Om yn JOSM mei OSM-gegevens wurkje te kinnen moatte jo jo earst registrearje op de registraasjeside (Ingelsk).

Is net in idee om in nij programma te skriuwen dêr't noch better/moaier/flugger/makliker mei bewurke wurde kin?

Der binne no aardich wat gaadlike bewurkingsprogramma's. It wie wurk om neat om der noch ien by te skriuwen. Mar at jo bewurkingsprogramma's ûntwikkelje wolle, dan soenen jo der oer tinke kinne om te helpen by it ferbetterjen fan ien fan de programma's dy't der al binne, lykas JOSM (Ingelsk), Merkaartor (Ingelsk) of Potlatch (Ingelsk).

Wêrom wurdt de lêst fan de gegevensbank net ferspraad oer mear as ien tsjinner?

It sprieden fan de lêst wurdt faak neamd, mar oant no ta hat der net ien west dy't sa'n projekt oan koe. At jo de kennis hawwe om sa'n systeem behearje te kinnen, of at jo genôch kennis hawwe om sa'n ferspraat systeem op te setten, lit it ús dan witte op de postlist.

Om te begjinnen soenen jo ris sjen kinne wat der op de ûnwikkel-siden skreaun is oer de struktuer dy't wy no hawwe. Der is ek in side oer ús tsjinners (Ingelsk).

Ik haw foto's, foarmtriemen of weipunten mei lokaasjes foar myn gebiet; hoe kin ik dy oanbringe?

Wy soenen o sa graach jo loft- of satelyt-foto's mei in hege fyngraad opnimme, at dy frij fan rjochten binne of at jo de rjochten hawwe en dy oan ús beskikberstelle wolle. Mar spitigernôch hawwe wy noch gjin maklike manear om mear bylden ta te foegjen. Nim al graach kontakt op fia de postlist, dan kinne wy jo berikje at it al sa fier is.

Foar foarmtriemen en oare gegevensfoarmen is it eins itselde: we soenen graach fan jo hearre, mar op it stuit kinne we it, noch, net tafoegje.

Wêrom hingje de gegevens sa min gear?

"De Iepen Plattegrûn is in bewurkbere kaart fan de hiele wrâld. Hy wurdt makke troch minsken as jo." En dat betsjut dat de gegevensbank altiten de gefolchen ûnderfynt fan de flaters en ferbetterings troch de mienskip; dat is krekt de krêft fan OSM! It betsjut ûnder oaren dat ús gegevens fluch oanpast wurde kinne oan de feroarings yn de fysike wrâld. Mar it betsjut ek dat in plak op de kaart minne gearhing hawwe kin oant der minsken mei oan 'e gong geane. Faaks soenen jo ien fan dy minsken (Ingelsk) wêze kinne?

It koe wêze dat ik in brek fûn haw; wat doch ik no?

At jo in probleem mei it 'kaartbewurkingsaplet' fûn hawwe, of in probleem mei it webstee, foegje dat dan ta oan de 'OpenStreetMap brekgegevensbank' (Ingelsk). Wy brûkje de 'trac'-brekgegevensbank, dy't gebrûk makket fan jo OSM-meidoggernamme en wachtwurd.

At jo eat yn dizze dokumentaasje tsjinkomme dat fout/ôfwêzich/ûnfolslein/ûnbegryplik/ûnfreonlik is, dan kinne jo dat oanpasje. Dit is in wiki, dat eltsenien kin de tekst bywurkje, lykas eltsenien ek de kaart bywurkje kin. Sjoch foar mear adfys oer de wiki by it 'Mediawiki projekt' (Ingelsk); dat is wër0t it sêftguod ûntwikkele wurdt wêr't dizze wiki op rint.

Wêrom komt myn GPX-triem net goed oer at ik dy oanbring?

De GPX-triem moat bestean út spoarpunten mei in jildich tiidmark (<timestamp>). It hichtemark, (<ele>-vation) is opsjoneel en hat in standertwearde fan 0. Bygelyks:

<?xml version="1.0"?>
<gpx
 version="1.0"
creator="GPSBabel - http://www.gpsbabel.org"
xmlns:xsi="http://www.w3.org/2001/XMLSchema-instance"
xmlns="http://www.topografix.com/GPX/1/0"
xsi:schemaLocation="http://www.topografix.com/GPX/1/0
http://www.topografix.com/GPX/1/0/gpx.xsd">
<time>2005-11-07T14:00:09Z</time>
<trk>
  <name>ACTIVE LOG</name>
<trkseg>
<trkpt lat="52.564001083" lon="-1.826841831">
  <ele>115.976196</ele>
<time>2005-11-07T12:03:31Z</time>
</trkpt>
</trkseg>
</trk>
</gpx>

Der binne twa dingen dy't it systeem net oannimme sil:

  • GPS-spoarpunten sûnder tiidmark, om't dy nedich binne om de faasje ensafuorthinne berekenje te kinnen.
  • GPS-weipunten.

De reden foar it wegerjen fan dy weipunten is dat in protte GPS-tastellen by in oernijbegjin as by it delheljen fan in kaart weipunten yn de GPX sette dêr't auteursrjoch foar jildt. Sa sette tastellen fan Garmin de lokaasjes fan alle Garmin-kantoaren as weipunten op de kaart.

Hoe kin it dat myn spoaren mear punten yn 'e bocht hawwe as op it rjochte stik en/as dat de punten sa fier útelkoar lizze?

Dit bart at in GPS op automatysk ('Auto') opnimmen stiet, wat foar rjochte stikken minder romte brûkt troch dêr minder punten op te nimmen. Om de GPS mear punten opnimme te litten, soe de GPS ynsteld wurde moatte op Tiid ('Time') as Ofstân ('Distance').

Tiid
Dit nimt alle x sekonden/minuten/uren in punt op. Op guon GPS-tastellen kin dat ynteld wurde. It ûnthâld giet al hurd mei dizze metoade, mar it tal fan punten wurdt in hiel stik grutter. It neidiel by dizze metoade fan opnimmen is dat de punten ticht tsjinelkoaroan te lizzen komme at jo net sa hurd beweegje.
Ofstân
Dit nimt alle 'x' meters/Ingelske jellens in punt op. Op guon GPS-tastellen kin dat ynteld wurde. It ûnthâld giet al hurd mei dizze metoade, mar dan ôfhinklik fan jo faasje. It neidiel fan dizze metoade is dat der op in rjocht stik mear punten opnaam wurde as nedich wêze soe.

It is baas oer te gean fan de iene metoade op de oare, krekt sa't it risseltaat it bêste is.

Werom
At it tastel dizze opsje ('Wrapping') hat, dan kin dy it bêste mar útset wurde. At it oanstiet giet it apparaat sûnder warksôging werom nei it begjin fan it ûnhâld as de ein fol is, en nimt de nije punten op oer de âlde hinne. Fansels is it better om der op te achtsjen dat it ûnthâld hoe ek net fol rekket, om't dat betsjut dat jo in fêstlizzen ôfbrekje moatte en letter weromkomme moatte om it ôf te meitsjen.

Wêrom krij ik in min sinjaal as spoar at ik yn it sintrum fan de stëd of tichtby in grut metalen gebou bin?

In GPS docht it allinnich goed at er sinjalen ûntfange kin fan trije sateliten as mear. Yn it sintrum fan in stêd binne der faak in protte hege gebouwen dy't de sinjalen tsjinhâlde. Dêrtroch kin it tastel net mear bepale wêr't it krekt is. Der kinne ek mearpaad-risseltaten (Ingelsk) ûntstean trochdat sinjalen ôfkeatse op it materiaal fan gebouwen om jo hinne. It tastel berekkenet dan in plak yn de gebouwen. De kânsen kinne lykwols op in oare dei oars wêze, mei oare sateliten of mei sateliten op oare posysjes, dat it kin in oplossing wêze en besykje de rûte in oare dei nochris.

Hokfoar ôfbylden as satelytfoto's wurde brûkt as eftergrûn?

Wy brûke in mozaykkaart fan de wrâld, dy't NASA gearstalt hat mei foto's fan de Landsat-7-satelyt (Ingelsk). De foto's binne te besjen op onearth.jpl.nasa.gov (Ingelsk). Hja binne útjûn as in WMS-tsjinner (Ingelsk) en binne dêrtroch maklik te krije.

Wy brûke ek Yahoo! Aerial ImageryYahoo! Loftbylden (Ingelsk).

Werjefte-fragen

Ik haw krekt wat feroare op de kaart; hoe kin ik dy feroarings sjen?

Der binne opit stui twa lagen op de grutte kaart. Mei de +-byldkaai rjochts op de kaart kinne jo tusken de twa hinne en wer skeakelje.

Mapnik: Dizzelaag wurdt alle woansdeis bywurke fan planet.osm (Ingelsk) ôf. De kaart wurdt lykwols earst bywurke at jo in teil besjogge dy't ferâldere is. At jo it gebiet besjogge en ferâldere gegevens sjen kinne, dan betsjut dat dat der in fersyk om in nije teil nei de teilmakker gongen is, dat at jo letter weromkomme, en as nedig de oerslach fan jo blêder lechmeitsje, dan sjogge jo de nije teilen.

Wat is de skaal fan de kaart foar in bepaald nivo?

De neikommende table jout de skaal foar elts nivo. Gegevens fan http://labs.metacarta.com/osm/.

Opmerking: foar nivo 2 oant 8 is ôfrûne op ien miljoen.

Tabel mei nivo/skaal
Nivo Skaal fan de kaart
18 1 : 1.693
17 1 : 3.385
16 1 : 6.771
15 1 : 14.000
14 1 : 27.000
13 1 : 54.000
12 1 : 108.000
11 1 : 217.000
10 1 : 433.000
9 1 : 867.000
8 1 : 2 miljoen
7 1 : 3 miljoen
6 1 : 7 miljoen
5 1 : 14 miljoen
4 1 : 28 miljoen
3 1 : 55 miljoen
2 1 : 111 miljoen

Hokfoar geomarken wurde der brûkt?

Sjoch Geomarken (Ingelsk).

Lisinsjefragen

Antwurden op fragen oer de wet fine jo op ús wetsfragen en antwurden (Ingelsk).